Plofkreaken yn Opsporing Verzocht op telefyzje

© CAMJO media
It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht besteget tiisdei koart oandacht oan de plofkreak op De Lemmer. De redaksje fan it programma sjocht yn de taname fan it tal plofkreaken in trend en yn dat ramt wurdt ek de kreak op De Lemmer neamd. Foarige wike tiisdei waard op De Lemmer in pinautomaat fan de Rabobank by supermerk Poiesz ta ûntploffing brocht. Hoefolle jild oft dêrby bút makke is wol de plysje net sizze.
It programma wurdt tiisdeitejûn om healwei njoggenen útstjoerd.