Tamara Bok net werkiesber as fraksjefoarsitter PvdA Ljouwert

22 maaie 2017 - 12:04
Tamara Bok

De fraksjefoarsitter fan de Ljouwerter PvdA, Tamara Bok, stelt har net werkiesber foar in nije perioade. Se komt nei de gemeenteriedsferkiezingen fan novimber net werom. Bok is straks fjouwer jier riedslid en tegearre mei in eardere riedsperioade hat se by har ôfskied mei-inoar njoggen en in heal jier riedslid west. It is neffens har tiid foar nije stappen yn har karriêre.

De kandidatelist fan de PvdA Ljouwert foar de gemeenteriedsferkiezingen wurdt ynkoarten bekend makke.

Trefwurden: 
Tamara Bok PvdA Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)