Ekolooch: "Slaan ealjebijen net dea"

22 maaie 2017 - 12:40

"Wapsepleach? Wy minsken binne in pleach", seit ekolooch Peter de Boer. Nature Today en de Wageningen Universiteit ferwachtsje dizze moannen in soad mear ealjebijen as oars. Op dit stuit binne al fjouwer ta seis kear mear ealjebijen sjoen as foarich jier dizze tiid. Mar neffens De Boer giet it net om in pleach. "It is pas in pleach as it foar oerlêst soarget. En dat soargje ealjebijen eins allinne as se minsken stekke."

Aaikes

Troch it waarme waar binne in soad ealjebijkeninginnen al earder út de wintersliep kaam. En begjinne se dus ek earder mei it lizzen fan aaikes. De ekolooch ropt minsken op om foaral net mei de miggemepper achter de ealjebijen oan te gean: "Ealjebijen binne hiel wichtich foar de biodiversiteit. Se ite in soad oare ynsekten op lykas miggen. As der gjin ealjebijen mear wêze soene, soe de wrâld der hiel oars útsjen."

Fan ein juny ôf wurde de wapsen ferwachte mar de nêsten kinne ek noch ein augustus útkomme, dus it is in langere perioade fan oerlêst. Flinke reinbuien kinne noch foarkomme dat de pleach útbrekt.

Wêrom stekt in weps?

Yn de measte gefallen fielt in weps him bedrige as er stekke wol, bygelyks as er yn in stik stof sit en de útgong net fine kin. Ek as in weps te min iten fine kin, krijt er in min sin en kin dan earder begjinne te stekken.

Tips: wêr hâlde wapsen net fan?

Set dit op de bûtentafel del en it giel-swarte ynsekt siket in oare tún op: krûdnagel (yn in partsje sinesappel), koper (fiif eurosint muntsjes yn in bakje wetter), wijreek of kearsen dy't rûke of ammoniak (yn in bakje mei wetter). En fansels komme se op swiet ôf, dus fruit en drinken, mar se hâlde ek fan swit en de rook fan sinnebrân en parfum. Dus besykje dat foar te kommen.

Fryske farianten

En dan noch even dit: dat it Frysk in rike taal is, docht wer bliken út it grutte tal farianten foar de ealjebij: waps, wapse, weps, weeps, brims, brems, ealjebij, ielbij, ylbij, ilebij, eamelbij, meeps, skytbij en strontbij.

Trefwurden: 
ealjebij pleach
(Advertinsje)
(Advertinsje)