Trijetalich ûnderwiis is goed foar behearsking Nederlânsk

22 maaie 2017 - 11:01

Nij ûndersyk toant oan dat trijetalich basisûnderwiis, mei ekstra oandacht foar it Frysk en Ingelsk, posityf is foar it behearskjen fan it Nederlânsk. Ut it ûndersyk, de monitor 3TS, docht neffens it sintrum meartaligens Cedin bliken dat learlingen op trijetalige skoallen boppe it lanlike gemiddelde skoare.

Op dit stuit binne 80 basisskoallen oansluten by it Netwurk Trijetalige Skoallen. De útkomsten fan it ûndersyk stean sintraal op it kongres Wow Meartalich, dat op 21 juny yn Drachten hâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)