Ljouwerter skriuwster nominearre foar Gouden Strop

22 maaie 2017 - 10:53

De Ljouwerter skriuwster Anita Terpstra stiet mei har boek 'Samen' yn de top 5 fan boeken dy't kâns meitsje op de Gouden Strop. Der wiene mear as 80 boeken oanlevere foar in nominaasje, wêrfan earder al tolve útkeazen wiene.

Moandeitemoarn makke sjueryfoarsitter Anniko van Santen de lêste fiif nammen bekend. Neist Terpstra binne skriuwers Donald Nolet, Ilse Ruijters, Simon de Waal en Felix Weber de oare nominearden foar de priis fan bêste Nederlânsktalige spannende roman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)