Grutte fraude by supportersferiening SC Cambuur

22 maaie 2017 - 10:22

In 68-jierrige man út Hurdegaryp is oanhâlden om't hy derfan fertocht wurdt dat hy as bestjoerslid fan de supportersferiening Kern van Cambuur 140.000 euro fertsjustere hat. De man soe it jild tusken 2008 en begjin dit jier fuortnaam ha. De man is begjin maaie oanhâlden, hy wie ein 2016 al troch de supportersferiening skorst.

De saak kaam oan it roljen nei't de supportersferiening oanjefte dien hie om't der jild út de hoareka-opbringsten ferdwûn wie. Finansjele resjersjeurs diene ûndersyk en kamen by de ponghâlder út. It hûs fan de man is trochsocht en syn boekhâlding is yn beslach naam. Der is dêrneist beslach lein op syn bankrekkens, kontant jild en syn auto. Fan de bút is oant no ta neat werom fûn.

Neffens it bestjoer fan de supportersferiening is ek SC Cambuur rekke troch de fraude om't in grut part fan de opbringsten nei de klup giet.

(advertinsje)
(advertinsje)