Kollum: "Kânsleaze ljipaaien"

"Nei kânsleaze wurkleazen, kânsleaze earmen en kânsleaze jongerein ha wy no ek kânsleaze ljipaaien. Jawol, ljipaaien dy’t net folle kâns ha om út te kommen om’t se in lekker hapke binne foar foksen, rôffûgels of marters. Of omdat der in grutte trekker fan it leanbedriuw oer se hinne rôlet noch foardat der in ljippepykje útkrûpt is. En dêr moat wat oan dien wurde, fynt Rendert Algra, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.
Ofrûne freed kundige Algra oan dat er de kommende jierren tsientûzenen kânsleaze ljipaaien opsykje wol út it lân om se ferfolgens út te brieden yn briedmasinen. Dizze útspraak wie net hielendal nij, want begjin desimber foarich jier rôp de foarsitter fan it BFVW dat ek al. Harm Niesen fan De Faunabescherming reagearre doe as wie er stutsen troch in wesp. It soe in idioat plan wêze. In ferlechje boppedat om wer it lân yn te meien om te aaisykjen, sa bewearde Niesen. Wol hiel koartsichtich, ast it my fregest.
Us ljip is in bedrige fûgelsoart. De ôfrûne tweintich jier is de populaasje ljippen flink weromrûn. Yn Fryslân binne der wol oant 40 prosint minder ljippen yn it lân, hat de Sovon berekkene. Dat is dan ek de reden dat wy net mear ljipaaisykje meie. Mar dêrmei is it probleem net oplost. Der moat mear barre om it tij te kearen. En dus komt de BFVW mei it plan om ljipaaien út te brieden. Oant no ta is dit noch ferbean, mar stikem wurdt it fansels al wol dien troch de echte fjildmannen.
Elk doarp hat wol in hantsjefol mannen en froulju dy’t it leafste alle dagen it lân yngean om fûgels te beskermjen. Se ha der alles foar oer. Mar hoe’t se ek harren bêst dogge; wet- en regeljouwing stiet eins altyd yn it paad. Sa as it beslút dat ljipaaien net yn in briedmasine meie. Dat sil grif te krijen ha mei it feit dat in ljip in greidefûgel is dy’st net as húsbist ha meist. Mar dat is ek hielendal net it doel fan dit projekt. Doel is om de pykjes sa grut te meitsjen dat se harsels rêde kinne yn de natoer. En just dat fynt De Faunabeskerming gjin goed plan.
"Niemand weet beter hoe een kievit moet worden opgevoed, dan een kievit zelf", joech Harm Niesen as argumint om de aaien lizze te litten. Mar as dat de iennige reden is, dan brekt my de klompe. Al jierren lizze fanatike plomfee- en fûgeltsjeleafhawwers aaien yn de briedmasine. Mear as de helte fan ús Fryske piken hat syn mem noch nea sjoen. Mar hast oait in hok fol hinnen sjoen mei in identiteitskrisis? Hintsjes dy’t as 'kip zonder kop' omfleane omdat se net witte wêr’t se weikomme? Ik net.
Dus wêr binne dy tsjinstanners dan sa benaud foar? Dat ús útbrette ljippepykjes aanst gjin Kievit mear roppe, mar knetterhurd ‘Ljiiiip’ raze om’t se grut wurden binne by in Frysksinnige Afûk-famylje? Of datst sa’n fleurich leaf ljipke aanst roppen hearst ‘Jaaa mantsje, ik bin in rûchhouwer!’ omdat er út it nêst kaam is by in fjildman dy’t dei en nacht de Hûnekop-cd draait? Leau my, soks falt allegearre wol wat ta.
Ik bin der wis fan dat ljipkes dy’t út in briedmasine komme alle leafde krije dy’t se fan harren mem-ljip ek krigen hiene. Wy ha hjir fjildmannen en -froulju dy't mei alle leafde fan in keukentrapke ôfspringe om de pykjes it fleanen te learen. Sterker noch, as der in pykje is mei in bryk snaveltsje, dan geane se der mei nei logopedy en krijt er in bûgeltsje. En hat er in bryk poatsje, dan krijt sa’n pykje oanpaste skuon mei ynlissoaltsjes. Neat giet ús te fier.
Bêste Faunabeskerming, leau ús no mar: wy ha alles oer foar ús ljippen. Mar it bliuwt kânsleas as jim trochgean om al dit soart inisjativen te ferbieden. Dus hâld jim hiel efkes de snavel en lit ús besykje te rêden wat der te rêden falt. Wa wit is dit wol it aai fan Kolumbus."
Nynke van der Zee fan Aldegea Smellingerlân is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.