Auto oer de kop by Harns, bestjoerder licht ferwûne

22 maaie 2017 - 07:54
Foto: Stefan Postema

In autobestjoerder is moandetemoarn licht ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de N31 by Harns. De auto ried tsjin de dyk-ôfsetting oan, wêrnei't er oer de kop sloech en oan de oare kant fan de dyk op de sydkant bedarre. Ambulânse, plysje en brânwacht waarden oproppen foar it ûngelok om help te ferlienen. De brânwacht hoegde lykwols net yn aksje te kommen.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)