Dieven besykje kompjûters te pikken út it MCL

22 maaie 2017 - 07:03
De man wurke yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Twa Ljouwerters fan 28 en 34 jier ha snein besocht om kompjûters te stellen út sikehûs it MCL yn Ljouwert. Alerte sikehûsmeiwurkers seagen in fertocht persoan mei de kompjûters sjouwen en warskôgen de plysje. Dy pakte koart dêrop beide fertochten op. Se hiene yn totaal seis kompjûters by har.

It ûndersyk nei de stellerij is noch yn folle gong, meldt de plysje.

Trefwurden: 
stellerij MCL Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)