Handbike stellen út Ljouwerter skuorre, plysje siket tsjûgen
De plysje is op syk nei minsken dy't wat witte fan de stellerij fan in handbike yn Ljouwert, ôfrûne wykein. De handicaptefyts waard tusken sneontejûn en sneintemiddei fuort naam út in skuorke by in wenning op de Werkmanslust. De eigener fan de handbike rekke troch de stellerij slim dupearre.