Meitsje in stoel foar Kulturele Haadstêd 2018 en sko oan

Stuollen opkreazje as promoasjegeskink foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 © Finster op Fryslân
Mei keunstsinnige stuollen in ferbining meitsje. Dat is wat de stichting Cultuur Verbindt wol mei Kulturele Haadstêd 2018. Ronald van der Zwaag en Sarah Rixma van de stichting roppe minsken op om opkreaze stuollen te donearjen dy't omtsjoend binne ta 'keunstwurkjes'. Dat moatte de donateurs sels dwaan, Cultuur Verbindt hinget der in label oan mei in útnûging foar KH2018.
De donateurs soarje dêrnei sels foar de fersprieding fan de stuollen, troch se oan ien te jaan of se op in plak del te setten dêr't minsken se meinimme kinne. Oan de ûntfangers wurdt frege in selske of in filmke te meitsjen mei de stoel en dat op te stjoeren nei de Cultuur Verbindt. Sa moat der in netwurk ûntstean, sa is de bedoeling. Net inkeld partikulieren kinne meidwaan oan de stuolle-aksje, ek skoallen en bedriuwen. Lês mear oer dit projekt op de side fan Finster op Fryslân,