Cambuurtrainer Sipke Hulshoff: In leech gefoel

© Awfoto
Trainer Sipke Hulshoff is djip teloarsteld nei de ferlerne wedstriid tsjin MVV fan snein, doe’t Cambuur út de play-offs foar promoasje nei de earedifyzje knikkere waard.
“In leech gefoel. Hiest in plan yn de holle. Dat rikt oant de finale, en dan is it ien kear foarby. Nei de 1-0 fan Barto krige ik der fertrouwen yn dat it miskien wol goedkomme soe, mar nei de 1-1- tocht ik “It sil hjoed dochs net wer….?” Wy sieten net goed yn de wedstriid. Wy hawwe net it nivo dat wy de lêste moannen hiene. Dat is wol hiel jammer.
Wy woene de finale helje en dan rekkenest oant 28 of 29 maaie. Dêrnei wolst ek pas op fakânsje. No is it wike earder en dat is wol in hiel raar gefoel.
Ik haw neat sein. Ik sei: Jonges, wy sjogge inoar tiisdei wer. Wat moat ik dy jonges fertelle? Dy sitte der allegearre trochhinne. Wy ek as trainers. Dyn enerzjy floeit yn ien kear út dyn lichem wei. Dan kinst wol in hiel ferhaal hâlde, mar dat dogge wy net. Wy komme tiisdei noch efkes byinoar en dan is it ‘einde seizoen'."