Pieter Weening grypt njonken de titel Ronde fan Noarwegen

Pieter Weening © ANP
Net Pieter Weening, mar de Noar Edvald Boasson Hagen hat snein de Ronde fan Noarwegen op syn namme skreaun. De Fryske hurdfytser is op it tredde plak einige yn it einklassemint. Weening wûn freed noch de etappe fan Hamar nei Lillehammer. Twadde yn it einklassemint is de Australiër Simon Gerrans
Snein wie de fiifde en lêste etappe mei finish yn Oslo. Dy waard wûn troch de Noar Boassen Hagen, dy't dêrmei syn twadde etappe-oerwinning pakte. Troch de bonifikaasjesekonden dyt er pakte wûn er ek it einklassemint.
Dylan Groenewegen wûn sneon de fjirde rit. Snein kaam de Amsterdammer net oan sprinten ta. Hy wie belutsen by in falpartij.