Partuer Anne Monfils wint yn Berltsum

21 maaie 2017 - 18:47
It winnende partuer yn Berltsum - Foto: Sjoerd Dotinga

It partuer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra hat snein de frouljushaadklassepartij yn Berltsum wûn. Yn de spannende finale fersloegen se it trijetal Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Monfils en dy stiene earst mei 5-2 achter, mar se wisten werom te kommen en dochs de earste priis te pakken,

Elly Hofman, Marte Altenburg en Louise Krol giene mei de lytse preemje nei hûs.

Trefwurden: 
keatsen Berltsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)