Gert-Anne van der Bos wint keatserij yn Sint-Anne

21 maaie 2017 - 17:57

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hawwe snein it haadklassekeatsen yn Sint-Anne wûn. Harren partuer wie yn de finale te sterk foar Menno van Zwiten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. It waard 5 earsten gelyk en 6-4.

De lytse preemje yn Sint-Anne wie foar it partuer fan Peter van Zuiden, Kees van der Schoot en Erik Haitsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)