Auto botst op caravan, ravaazje by Dearsum

21 maaie 2017 - 17:23

Op de N354 by Dearsum wie it snein in grutte ravaazje nei in botsing fan in auto mei in caravan. Wat der krekt bard is, is net alhiel dúdlik. De skea wie grut en de dyk lei besiedde mei guod.

De bestjoerder fan de botsende auto is nei it sikehûs brocht. De plysje moast de dyk yn beide rjochtingen ôfslute fanwege de ravaazje op de dyk.

Trefwurden: 
Dearsum caravan N354
(advertinsje)
(advertinsje)