Geart en Sytske nei fytstocht fan trije jier werom

Geart Landman en Sytske Bron fan De Rottefalle binne nei in fytstocht fan trije jier wer thús. Se hawwe de wrâld trochkrúst fan Istanboel nei Azië en Australië en werom fia de saneamde 'stan-lannen', Iran en Europa.
Yn De Rottefalle stienen snein op twa plakken ûntfangstkomitees klear om te wrâldfytsers yn te heljen. De reis wie in geweldige ûnderfining, sizze Geart en Sytske. Echt gefaarlike avontoeren hawwe se net meimakke. Wol binne se ûnderweis in soad aardige minsken tsjinkaam, wêrby't Iran derút sprong. Yn Australië hawwe se in skoft oan it wurk west en fierders wienen se ûnderweis. Sytske en Geart witte noch net wat se yn de takomst dwaan sille. Earst útrêste en dan mar fierder sjen, sizze se.