Cambuur ûnderút tsjin MVV, gjin promoasje nei de earedifyzje

21 maaie 2017 - 16:30

Cambuur promovearret net nei de earedifyzje. De Ljouwerters ferlearen snein fan MVV. Yn Ljouwert waard it 2-1 foar de Limboargers. It earste doelpunt foel pas yn de twadde helte. Martijn Barto skoarde yn de 58e minút út in lange bal fan Monteiro. Barto wurke him út de loft wei it doel yn. Mar MVV kaam werom mei in lykmakker troch Steven Pereira (1-1). Verheijdt makke yn blessueretiid noch in goal foar MVV.

Troch it ferlies fan snein is it oer en út foar Cambuur. It ferlies komt hurd oan, omdat dêrmei de kâns op promoasje nei de earedifyzje foarby is.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)