Hurdfytser ferwûne by oanriding mei oerstekkende jongeman

21 maaie 2017 - 15:43
Helptsjinsten dwaande mei de ferwûne hurdfytser - Foto: SR Fotografie

In hurdfytser is sneintemiddei ferwûne rekke yn Drachtsterkompenije. Hy botste op in jongeman dy't mei syn heit en mem de strjitte De Feart oan it oerstekken wie. Dy seach de hurdfytser op it lêste momint oankommen. Fan skrik bliuwde er stilstean. De hurdfytser klapte op de jongeman en foel.hurd.

Omstanners hawwe earste help jûn oant de helptsjinsten kamen. De hurdfytser is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De jongeman hâlde skaafplakken oer oan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)