Soad klachten oer ljochthinder

© Omrop Fryslân
De Fryske Miljeu Federaasje hat yn oktober mear as 160 meldings krigen oer ljochthinder. Hast de helte fan dy meldings giet oer iepenbiere ferljochting. Minsken ergerje har benammen oan strjitferljochting dy't de hiele nacht brânen bliuwt.
Kommend wykein wurdt wer de 'Nacht fan de nacht' hâlden. Dêrmei wurdt omtinken frege foar it moaie en it belang fan tsjustere nachten. Yn Fryslânt giet yn 15 gemeenten it ljocht út en binne der aktiviteiten.