Galema: "Sponsoring fan alve fonteinen rint goed"

21 maaie 2017 - 14:00

Sponsors fan it fonteineprojekt fan Kulturele Haadstêd leverje foaral in bydrage yn natura. Dat sei Sjoerd Galema sneintemiddei yn radioprogramma Buro de Vries. Galema is ferantwurdlik foar it finen fan sponsors foar it 'eleven fountains' projekt. Neffens him smyt it 'rûngean mei de pet' net folle op, mar binne der wol genôch bedriuwen te finen dy't in bydrage leverje wolle troch fergees foarsjennings foar de bou fan de fonteinen te leverjen.

Galema hat as doelstelling om in miljoen euro oan sponsoring binnen te heljen. Hy giet der fanút dat dat slagje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)