Alfde edysje Loop Leeuwarden lûkt 6600 hurdrinners

21 maaie 2017 - 13:53

De alfde edysje fan Loop Leeuwarden luts snein sa'n 6600 hurdrinners nei it sintrum fan Ljouwert. De belangstelling wie dêrmei justjes lytser as by de jubileumedysje fan ferline jier. Neffens foarsitter Siebe Annema seagen in oantal potinsjele dielnimmers der fan ôf om mei te dwaan fanwege de fuotbalwedstriid Cambuur-MVV fan sneintemiddei. Oaren ferruilen om deselde reden de heale maraton foar de 5 of 10 kilometer, sadat se dochs op tiid yn it Cambuurstadion sitte kinne.

De omstannichheden foar Loop Leeuwarden wiene snein ideaal mei in sintsje, in wyntsje en in net al te hege temperatuer. It evenemint wurdt organisearre foar 130.000 euro en kin rekkenje op de stipe foar in moaie searje sponsors en mar leafst 350 frijwilligers. Wat Siebe Annema oanbelanget stiet it evenemint der goed foar en komt der takommend jier seker in tolfde edysje fan de Loop.

Erik Negerman wûn de heale maraton by de manlju en Judith van der Meer by de froulju.

Trefwurden: 
Loop Leeuwarden hurdrinnen
(Advertinsje)
(Advertinsje)