Nije partij Lijst058 iepenet oanfal op 'fêstige oarder'

Der hat him in nije partij meld dy't meidwaan sil oan de gemeenteriedsferkiezings fan 22 novimber yn Ljouwert: Lijst058. Wurdfierder fan dy partij is Otto van der Galiën, dy't earder ûnder oare foar de PVV yn Provinsjale Steaten siet. Lijst058 seit de oanfal te iepenjen op de 'fêstige oarder'.

Ek wol de partij gjin sint ekstra foar Kulturele Haadstêd en it skoalswimmen yn Ljouwert wer ynfiere.