Bliidskip op It Hearrenfean oer legere lesten

21 maaie 2017 - 11:23

De PvdA op It Hearrenfean is bliid dat de hier fan de gemeentlike sportakkommodaasjes de helte goedkeaper wurdt. De hierferleging is mooglik no't de gemeente der finansjeel wer wat better foar stiet. De PvdA neamt de halvearring fan de hier in 'opstekker foar de sportferienings'. Foaral lytse sportferienings mei weromrinnende ledetallen hawwe te krijen mei in drege finansjele sitewaasje. De gemeente Hearrenfean sil fierder de ûnreplikesaakbelesting mei 4 persint ferleegje. Earder waard al ekstra ynvestearre yn kultuer.

De VVD op It Hearrenfean is bliid mei it goedkeaper meitsjen fan de hûnebelesting. Dy giet de kommende jierren ek troch de helte. De gemeente Hearrenfean hie in posityf saldo oer 2016 fan mear as 4 miljoen euro. Ek it mearjierreperspektyf oant en mei 2021 is goed. De VVD fynt dêrom dat it wer tiid wurdt foar belesteferleging. As it oan de VVD leit wurdt de hûnebelesting nei ferrin fan tiid ôfskaft en de ûnreplikesaakbelesting noch fierder ferlege. De gemeenteried fan Hearrenfean praat op 22 juny oer de foarstellen fan it kolleezje om ferskate lesten te ferleegjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)