Dronken autorydster jout plysje fûstslach

21 maaie 2017 - 11:00
Foto: Omrop Fryslân

In frou fan 59 út Kampen hat sneontejûn op De Jouwer in plysje in fûstslach yn it gesicht jûn. De frou wie op 't Zand mei har auto tsjin in peal oanriden. Se wie ûnder ynfloed fan alkohol. Omstanners hienen de kaai út har auto helle sadat se net fierder ride koe.

Op it plysjeburo moast se blaze. Se die ferfelend tsjin aginten en joech ien in fûstslach. De frou is ynsletten. De belutsen plysje hat oanjefte tsjin har dien.

Trefwurden: 
dronken fûstslach
(Advertinsje)
(Advertinsje)