Reedridersbûn KNSB sil ien miljoen besunigje

KNSB © Omrop Fryslân
Reedridersbûn KNSB kin de plannen om ien miljoen te besunigjen trochsette. De lederied fan it bûn gie sneon yn Utert akkoart mei de besunigingsplannen. Ferline wike ûntstie der rebûlje yn it reedriderswrâldsje doe't bekend waard dat de KNSB fan de sponsorteams en profesjonele riders in solidariteitsbydrage frege fan 400.000 euro. Neffens it bekende team fan LottoNL-Jumbo soe dat yn striid wêze mei de ferline jier sletten oerienkomst foar twa jier.
De KNSB stelde sneon yn in parseberjocht dat it reedridersbûn 'besteande finansjele ôfspraken respektearje sil'. It is dêrom net rjocht dúdlik wat it bûn yn de oergongsperioade nei it nije finansjele model noch oan offers freegje sil fan de topreedriders en de merketeams. Wurdfierders fan de belutsen partijen wiene sneontejûn net beriker foar fierder kommentaar.

Neffens it advysrapport ‘Duurzame inrichting van de schaatssport’ moat oan de ein fan it seizoen 2017-2018 it kostenivo fan it bûnsburo mear as ien miljoen euro leger útfalle.