Aldere man (94) botst op fiif parkearde auto's

De man ried dwers troch in skutting de tún yn © De Vries Media
Op 'e Jouwer is sneontejûn in âldere man (94) de kontrôle oer syn auto kwyt rekke. Op in parkearterrein rekke de man fiif parkearde auto's. Dy rekken alle fiif skansearre. Oanslutend ried de man dwers troch in hage, in boerd en in skutting in tún yn oan de Touslagerij. Yn in kûle yn dy tún kaam de auto lang om let ta stilstân.

Neffens tsjûgen soe de automobilist (94) fol gas riden hawwe. De man waard nei syn wylde rit neisjoen troch meiwurkers fan de ambulânse. By it ynsidint rekken mei-inoar seis auto's skansearre, wêrûnder de auto fan de man sels. Fjouwer fan de seis auto's moasten troch in bergingsbedriuw fuortsleept wurde.