Ferlies tsjin FC Utrecht: seizoen dien foar SC Hearrenfean

20 maaie 2017 - 20:37

SC Hearrenfean giet net fierder foar Europeesk fuotbal. De ploech moast sneon trije goals meitsje yn de útwedstriid tsjin FC Utrecht om de finale fan de play-off's foar de Europa League te heljen. Nei in iepening mei in soad kânsen foar beide partijen skeat Leeuwin út in corner foar Utrecht de bal tusken de peallen, 1-0. Fiif minuten nei in grutte kâns fan Reza fan Hearrenfean skeat Zivkovic de 2-0 yn de Feanster goal en dat is ek de rêststân.

Yn de 61e minút skoarde Reza fan in ôfstân fan alve meter 2-1. Nei dy goal bliuwt it FC Utrecht de sterkere, frissere en skerpere ploech is. Nettsjinsteande twa kânsen dêr't de peal rekke waard, bliuwt de einstân 2-1.

Dêrmei ferliest SC Hearrenfean de return yn Utrecht en is FC Utrecht oer twa wedstriden sjoen mei 5-2 te sterk. It seizoen sit derop foar SC Hearrenfean en de Friezen gean net Europa yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)