Harkemase Boys mei noch dreame fan promoasje

20 maaie 2017 - 20:06

Harkemase Boys hat foar in grutte ferrassing soarge yn de neikompetysje foar promoasje nei de twadde difyzje. De Harkiten wûnen sneon yn de play-offs de wedstriid tsjin UNA út Veldhoven mei 3-1. De ploech fan trainer Henk Herder spile de wedstriid út tsjin tsien man, nei in reade kaart foar Willem Tieben fan UNA.

Ferdigener Jens Jurn Streutker iepene de skoare yn de 14e minút nei in frije traap fan Oebele Schokker. Dêrnei waard it al hiel gau 1-1 troch in goal foar de thúsploech. Yn de twadde helte makken Streutker (mei in kopbal) en Uuldriks (heale omhaal) der 3-1 fan foar Harkemase Boys. Earder ferlear de Harkemase Boys noch de thúswedstriid tsjin UNA mei 1-0.

De oerwinning fan sneon betsjut dat de Harkemase Boys fierder giet yn de play-offs foar promoasje nei de twadde difyzje. De tsjinstanner is dan Lisse, tiisdei 23 maaie spilet Harkemase Boys earst út tsjin FC Lisse, op sneon 27 maaie folget de return op Sportpark de Bosk.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)