Grou giet wettersportseizoen yn mei grutte ferwachtings

20 maaie 2017 - 23:00

Grou hat grutte ferwachtingen fan it nije wetersportseizoen. Nei de twa grutte brannen yn it doarp, earder dit jier, hawwe de ûndernimmers mei syn allen de skouders derûnder set. Dat seit Joke Broekens fan de sakeklup yn it doarp. Yn febrewaris gie it Teehûs yn flammen op, yn april bleau fan restaurant Trije Hûs net folle mear oer. It Teehûs hat ûnderwilens de doarren iepene fan in tydlik paviljoen. Oft restaurant Trije Hûs wer opboud wurdt, is noch de fraach.

Dit wykein is yn Grou de start fan it wettersporseizoen mei ferskate aktiviteiten. Der waard omraak syld, der wie merke en muzyk fan it Pink Floyd-project.

Trefwurden: 
Grou wettersportseizoen
(Advertinsje)
(Advertinsje)