OMROP TIP: Protestboerd en swarte flaggen by fernijde N381

20 maaie 2017 - 18:15

Wa't mei de auto fan Drachten nei Emmen rydt, of krekt oarsom, kin sûnt in jier oer de nije N381. In fjouwerbaansdyk dy't sa oanlein is dat de oerlêst foar minsk en natuer minimaal wêze moat. Moai om de bewenne gebieten hinne en mei wol hûndert passaazjes foar bisten. Dochs is skynber net elk tefreden. Oan de dyk by in pleatske wapperje swarte flaggen en fierderop stiet in protestboerd mei de tekst: "Horen en zien vergaat ons! En de provincie zwijgt!?" It radioprogramma Buro.de Vries gie op ûndersyk út. Snein op Omrop Fryslân Radio.

Trefwurden: 
Buro de Vries N381
(Advertinsje)
(Advertinsje)