Bûtenpost wint wer yn neikompetysje, no fan Feyenoord

Bûtenpost hat de twadde oerwinning yn de neikompetysje te pakken. Tsjin de amateurs fan Feyenoord waard it sneon nei in spektakulêr lêste kertier 3-2. De Rotterdammers kamen krekt foar it skoft op foarsprong. It waard sels 2-0 foar Feyenoord, doe't Bûtenpostkeeper Robert van der Laan in skot fan ôfstân glûpe liet.
Mar Bûtenpost wie net ferslein. Twa kear Rudmer Loonstra, yn de 81e en 91e minút, betsjutte de 2-2. Fier yn de ekstra tiid makke Jorrit Terpstra it spektakel folslein mei de 3-2.
Bûtenpost spilet tiisdeitejûn wer thús. Dan is Zuidvogels út Huizen de tsjinstanner. Beide ploegen hawwe oant no ta twa kear wûn. Dêrom falt tiisdeitejûn de beslissing wa't fierder spylje mei foar in plak yn de haadklasse.