Muzikaal ôfskiedskonsert Menameradiel troch njoggen korpsen

20 maaie 2017 - 16:05

Op de iisbaan fan Menaam is sneontejûn in muzikaal ôfskie fan Menameradiel. De gemeente giet op 1 jannewaris op yn de nije gemeente Waadhoeke. De njoggen muzykferienings yn Menameradiel sille spylje op de iisbaan. Fierders dogge solisten út de gemeemte mei, ûnder wa Piter Wilkens. By it konsert wurdt in stik spile dat spesjaal foar de gelegenheid komponearre is. It muzikale ôfskie begjint om healwei achten.

Yn it gemeentehûs fan Menaam is op dit stuit ek in ôfskiedstentoanstelling.

Trefwurden: 
Menameradiel korps
(Advertinsje)
(Advertinsje)