UPDATE: Swierferwûne fuotgongster Ryptsjerk ferstoarn

20 maaie 2017 - 20:10

De frou dy't sneontemiddei swierferwûne rekke by in oanriding by Ryptsjerk is oan har ferwûnings ferstoarn. De 69-jierrige ynwenster fan Ljouwert waard op de N355 tusken Ljouwert en Ryptsjerk oanriden, doe't se rinnende de dyk oerstuts. It slachtoffer is yn kritike tastân nei it sikehûs oerbrocht dêr't se dyselde dei ferstoarn is.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. Fan de automobilist is in ferklearring ôfnaam.



(Advertinsje)
(Advertinsje)