Fitrines Aerden Plaats Ouwesyl lizze wer fol

De fitrines fan archeologysk stipepunt de Aerden Plaats op Aldebiltsyl binne lang om let wer fol. In jier lang seagen besikers en de frijwilligers tsjin heal lege fitrines oan, want yn maaie ferline jier waarden de fitrines fan it lytse museum mei archeologyske fynsten út de omjouwing foar in grut part leechrôve. Troch tafal waard in grut part fan de kolleksje mei Peaske wer werom fûn yn in sleatsje net fier fan de Aerden Plaats.
It wie net in maklik jier foar behearder Kirsten Zwijnenburg."Het heeft me meer aangegrepen dan ik dacht", fertelt se. De oanblik fan de lege fitrines die sear. "We zijn allemaal vrijwilligers en dan wordt zo alles weggehaald. Dan zakt de moed je wel in de schoenen". Mei Peaske kaam de omslach. Ruben fan njoggen wie by in sleat oan it boartsjen en seach dêr ien fan de topstikken fan it museum boppe it wetter útstekken. It gie om in krúkje út de 15e iuw. In dei letter waard begûn mei it útbaggerjen fan de sleat.
Freedtenacht is de lêste hân lein oan de útstalling Hervonden vondsten. "Ongelooflijk", seit doarpsarcheolooch Johan van Gent: "Mensen uit de buurt hadden nooit gedacht dat ze hun eigen collectie, die ze hier gedoneerd hadden, ooit weer terug zouden zien. En nu ligt het op een mooie plek in de vitrine."