Gemeente Flylân ferkeapet beamstammen

20 maaie 2017 - 13:12
Waadkust Flylân - Foto: ANP XTRA

De gemeente Flylân hat beamstammen yn de oanbieding. Bewenners fan it eilân kinne in bod útbringe op beammen dy't fan 't maaitiid yn it doarp kappe binne. De tûken fan de beammen binne op de brânsteapel fan de maaiebrân gien, de stammen geane no yn de ferkeap.

It giet om hout fan ferskate soarten beammen. De Flylanners kinne oant begjin juny in bod útbringe. De stammen geane dêrnei nei de heechste bieder.

Trefwurden: 
beamstam Flylân
(Advertinsje)
(Advertinsje)