Ger Jaarsma nimt ôfskie as VVD-ponghâlder

20 maaie 2017 - 12:20
Ger Jaarsma naam sneon ôfskie as ponghâlder fan de VVD - Foto: Twitter.com, Aukje de Vries

Ljouwerter Ger Jaarsma hat sneon op it VVD-partijkongres yn Arnhim ôfskie naam as lanlik ponghâlder fan de partij. Jaarsma waard yn 2013 yn dy funksje beneamd. Syn sittingstermyn sit der noch net op, mar omdat er it drok hat mei oar wurk hat er besletten no al op te hâlden.

Jaarsma is sûnt koart ûnder oare ek foarsitter fan de NVM, de makelersferiening. Hy wurdt by de VVD as ponghâlder opfolge troch Tanja Haseloop út De Like.

Trefwurden: 
Ger Jaarsma VVD ponghâlder
(Advertinsje)
(Advertinsje)