Bouprojekten te besjen op de Dei fan de bou

Ferskate bouprojekten yn Fryslân binne sneon te besjen foar it publyk. Dat bart yn it ramt fan de Dei fan de bou. It giet ûndere oare om in tal projekten yn Ljouwert, lykas it fernijen fan it stasjonsgebiet en de oanpak fan it Europaplein, mar ek lytsere projekten, lykas de ferbou fan in skoalle yn Frjentsjer, dogge oan de dei mei.

Yn Ljouwert kinne gadingmakkers mei in spesjale fergeze bus de ferskate projekten fan Ljouwert-frij-baan by del. Mear ynformaasje oer de boulokaasjes dy't meidogge is te finen op de webside 'debouwmaakthet.nl'.