Kompjûter en rûkersguod stellen by ynbraak Ljouwert

20 maaie 2017 - 10:54
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak, freed yn in hûs oan de J. van de Capellestrjitte yn Ljouwert. By de ynbraak waarden ûnder oare in kompjûter en parfumery-artikels meinaam. De dieder koe it hûs ynkomme troch de foardoar iepen te brekken. De ynbraak wie yn de nacht fan tongersdei op freed, of freed oerdei.

Wa't mear wit wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
ynbraak
(Advertinsje)
(Advertinsje)