'PO in Actie' easket ekskús fan Sander Dekker

20 maaie 2017 - 10:34
Steatsekretaris Dekker - Foto: ANP

Aksjegroep 'PO in Actie' easket yn in iepen brief ekskús fan steatssiktaris Sander Dekker fan ûnderwiis. De steatssiktaris hat neffens de aksjegroep 120.000 ûnderwizers misledige troch de problemen op de basisskoallen net serieus te nimmen. Ek wol de aksjegroep dat Dekker wurk makket fan oandroegen oplossings as mear salaris en in legere wurkdruk.

'PO in Actie' is min te sprekken oer útlittings fan Dekker yn in keamerdebat fan ferline wike. "Uw minachting en miskenning van het primair onderwijs zijn schokkend en weerbarstig'', stiet yn it brief fan 'PO in Actie'. As Dekker syn útspraken fan de ôfrûne wike net rektifisearret sille de ûnderwizers it betrouwen yn de steatssiktaris opsizze. Sa'n 40.000 leararen yn it basisûnderwiis binne oansletten by it kollektyf PO in Actie. Yn Fryslân wurdt PO in Actie ek stipe troch skoalbestjoeren fan de koepels Odyssee, Proloog, Gearhing, Noventa en Primus-De Basis.

Steatssiktaris Dekker liet sneon yn in reaksje wite dat er him net werkent yn it 'inktzwarte beeld' fan PO in Actie. Ek ferklearre er dat er gjin tasizzings dwaan kin oer mear jild omdat it kabinet op dit stuit demissionêr is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)