Kollum: Eksamenstress

"It is dy tiid fan it jier dat de eksamens begûn binne, foar guon sitte se der al wer op. Foar de measte bern in tige spannende tiid, wol as net slagje. Der hinget tsjinwurdich nochal wat fan ôf, je ha hast oeral in diploma foar nedich. We libje yn in digitale tiid, doe’t ik eksamen die wie dat oars. Je hienen wol de druk fan de eksamens sels, mar dêr bleau it dan ek by. Ik kin my noch de dei yn it sin bringe dat we belle wurde koenen. As de telefoan op freed foar twa oere middeis net gien wie, wienen je slagge. Teminsten, dat miende ik.

No moat ik earlik sizze dat ik faak de binnenkant fan in kafee beseach yn myn skoalletiid, ik koe omraak biljerte en flipperje. Mar dy wike wie it dochs wol spannend. Op dy bewuste freed gie om healwei twaen de telefoan. It wie sa’n smoarchwyt tastel fan de PTT mei in draaiskiif, jim sille it noch wol witte. Ik sei earst in hiel raar wurd foardat ik de hoarn fan de heak krige. Hie ik mar net altyd yn de kroech sitten en mear fan datsoarte ferwiten fleagen troch my hinne. Mar doe’t ik myn namme sei, bliek it in maat fan skoalle te wêzen dy’t my frege oft se ek belle hienen. Nee, sei ik, dat kin oant twa oere ta, ik skrik my naar, grutte gek. Welnee, sei er, dat koe oant tolve oere, sietst wer yn de kroech doe’t se dat fertelden, tink? Ik siet dus foar neat yn de stress.

Dat dogge de bern hjoed-de-dei ek. Mar dan oars. Yn dizze nije tiid steane daliks nei de eksamens de antwurden op it ynternet. Deselde dei al witte se oft se it goed dien ha of dat se it ferknald ha, om sa mar te sizzen. Wy wisten fan neat en dienen ús eksamen sa goed we koenen. De útslach kaam letter. No is it sa dat de learlingen alles daliks op ynternet neisjen kinne. Neffens my is dat in grutte flater fan de minsken dy’t dêr ferantwurdlik foar binne en net befoarderlik foar de resultaten fan eksamens dy’t de bern noch dwaan moatte. As it net sa goed giet, sjitte guon bern yn de stress en wol sa bot dat de panyk soms taslacht. Want se begjinne te rekkenjen. As ik dêr no net in seis op helje en it oare wol ek net, bin ik sakke. Folslein yn de ban fan de siferkes. Dan nimme je de stof minder goed op dy’t je noch leare moatte. It is allegearre al spannend genôch, net allinnich foar de bern, mar ek foar de âlden.

Neffens my wie net alles dat eartiids barde better, mar yn dit gefal haw ik myn twivels. Lit de bern gewoan de eksamens meitsje en publisearje pas nei it lêste eksamen de antwurden. Dat skeelt in hiele soad tuskentiidske argewaasje en stress. As je in minne dei ha, kin der ris in test wat minder gean. Mar as dat tafallich de earste fan de rige is, wurket it ferlamjend. Ik winskje jim in goed wykein en alle studinten in goed resultaat. Tip: sjoch jim eksamens net daliks nei. It jout dochs neat mear, brûk jim enerzjy foar de eksamens dy’t noch komme."

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.