Wapene oerfal op kafee Overwyk op De Tynje

20 maaie 2017 - 07:27

Op De Tynje hat freedtenacht in wapene oerfal west op kafee Overwyk. Om goed kertier oer tolven kamen twa blanke manlju it kafee yn. Neffens de oanwêzigen yn it kafee, trije besikers en twa meiwurkers, wiene dy lyts, tusken de 18 en 25 jier âld, hiene se bivakmûtsen op en wiene se yn it swart klaaid. De manlju sprutsen Nederlânsk. Mei fjoerwapens waarden de besikers bedrige. Net ien rekke ferwûne.

Der is jild út de kassa stellen, en de besikers moasten allegearre harren mobile telefoan ôfjaan. Dy binne bûtendoar yn plantebakken weromfûn. De twa oerfallers binne op twa scooters útnaaid yn de rjochting fan Aldeboarn. De plysje hat mei in soad ienheden oan it sykjen west mar hat neat fûn. Der is ek noch in boargernetoprop útgien, mar ek dy hat neat opsmiten. Yn it ramt fan it ûndersyk is de plysje op syk nei tsjûgen fan de oerfal. Ynformaasje is wolkom op telefoannûmer 0900-8844 of anonym op 0800-7000.

Kafee Overwyk is sneon wer gewoan iepen foar gasten.

Trefwurden: 
oerfal kafee Overwyk De Tynje
(Advertinsje)
(Advertinsje)