Algra: "Tsientûzen ljipaaien yn briedmasine útbriede litte"

Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW wol de kommende jierren goed tsientûzen ljipaaien opsykje en útbriede litte mei briedmasinen, ek al is dat no noch net tastien. Dat sei er freedtejûn op Omrop Fryslân telefyzje yn it programma Fryslân Hjoed. Algra sjocht dit as ien fan de oplossingen foar de delgeande ljippestân yn Fryslân. It útbrieden fan ljippen yn briedmasinen mei offisjeel net, mar it bart wol.
Yn ús provinsje wurde al ljipaaien útbret mei briedmasinen. Algra wol hjir by de provinsje in ûntheffing foar oanfreegje, mar dêrfoar moat der earst ûndersyk dien wurde. It idee is dat de kânsleaze ljipaaien meinommen wurde nei in briedmasine. De jonge ljippen wurde dan letter wer op ferskate plakken yn Fryslân útset.
''Wy gean gewoan sa troch''
Willem Bogtstra is ien fan de minsken dy't ljipaaien meinommen hat en útbriede lit yn de briedmasine. ''Dat is yllegaal is, witte wy wol'', sa seit Bogtstra. ''Mar wy gean gewoan sa troch. Wat wy rêde kinne, dat besykje wy te rêden. Ik fyn it ûnsin om de aaien wêrfan´t wy witte dat se stikken gean sille, lizzen te litten. Dat dogge wy net!''