"Rôfbisten moatte hurd oanpakt wurde foar beskerming skries"

20 maaie 2017 - 09:35

De polityk moat in hurde kar meitsje as se de skries echt beskermje wol. Dat betsjut dat de rôfbisten lykas de murd of de foks hurd oanpakt wurde moatte. Boer Sybren Miedema fan Aldeboarn pleitet hjir foar. Yn twa dagen tiid bin op syn lân twa briedende skriezen deabiten en de aaien opfretten. It giet om âldere fûgels dy't dus net wer weromkomme. En dus ek gjin aaien mear lizze.

Miedema sels hâldt goed rekken mei de greidefûgels. Hy meant om de nêsten hinne en hat ek lân spesjaal ynrjochte foar de greidefûgels. Miedema is benaud dat it oer in pear jier stil is yn syn greide. Dat der gewoan gjin fûgels mear komme om’t se gewoanwei der net binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)