Pieter Weening liedt Ronde fan Noarwegen nei etappewinst

Pieter Weening © ANP
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema giet oan de lieding yn it algemien klassemint fan de Ronde fan Noarwegen neidat er de tredde etappe op syn namme sette. Yn de etappe tusken Hamar en Lillehammer siet er yn in kopgroep mei fiif oaren. Op twa kilometer fan de einstreek naaide Weening út. Hy koe de oaren krekt foarbliuwe.
Foarich jier wûn Pieter Weening it einklassemint fan de ronde fan Noarwegen. Dizze edysje duorret noch oant en mei snein. Foar syn ploech Roompot-Nederlandse Loterij is it de earste oerwinning fan it seizoen.