Fiskers sette heal miljoen jonge ieltsjes út

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fryslân wurdt woansdei in heal miljoen jonge ieltsjes riker. Beropsfiskers sette dan jonge iel út yn de Fryske wetters. Dêrmei moat in flinke ympuls jûn wurde oan de ielstân hjir. De fisken dy't útset wurde, kamen begjin dit jier as glêsiel oan by de kust fan Frankryk, út de Sargassosee wei.
De ôfrûne moannen binne se yn in Nederlânske kwekerij grutter en sterker wurden. Yn Europeesk ferbân is ôfpraat om jonge iel yn swiet wetter út te setten, omdat de fisken it sels net oprêde dat swiete wetter te berikken. Dat komt omdat se de kustbarriêres net foarby komme kinne.