Keunstwurk foar hynstedrama

26 okt 2011 - 06:54

Fiif jier nei it hynstedrama yn Marrum wurdt der as oantinken in keunstwurk by de seedyk pleatst. Yn de nacht fan 31 oktober 2006 rekke in grutte groep hynders op de kwelder ynsletten troch it hege wetter. Tweintich hynders ferdronken, mar de oare 200 hynders waarden op spektakulêre wize rêden. De bylden fan ye rêding giene de hiele wrâld oer. Reden foar doarpsbelang om in bliuwend oantinken meitsje te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)