Nienke har missy: plestik sop opromje

21 maaie 2017 - 11:08

"Als ik op het Wad kom dan kom ik thuis." Nienke Dijkstra sylt al 31 jier op de Waadsee en kin der gjin genôch fan krije. Nienke sette it plestik-probleem yn de Waadsee op de bestjoerlike aginda en in skoftke lyn kaam se yn it nijs mei har aksjeplan foar it opromjen fan plestik op it Waad. Organisaasjes lykas it Fryske Gea en it Wetterskip dogge hjiroan mei. Buro de Vries gong in dei mei har op 'en paad, plestik rotsoai opsykje fan it Rif.

Nienke har missy begûn fiif jier lyn. "Op het Rif kwam ik een groot vat tegen met smerig water en toen dacht ik als ik het niet meeneem dan komt het in het Wad.’’ Se naam it mei en dat fielde goed. Se sette útein mei syltochten mei groepen minsken nei it Rif om dêr op te romjen. It Rif is in grutte sânplaat tusken It Amelân en Skiermûnseach. Troch de streaming fan it wetter komt hjir in soad rotsoai telâne. Nienke: "Ik vind hier al vijf jaar lang stofzuigerslangen, waarschijnlijk in een container overboord geslagen.''

Iensum

Soms is it wol in iensume striid. "Hoe kan het dat ik zo hard aan de bel trek, dat het overal te zien is en dat mensen het niet op willen pakken". Se fernimt wol dat it bewustwêzen hiel stadich groeit mar dat minsken soms net witte hoe't se begjinne moatte of dat der finansjele redenen binne om neat te dwaan. Sa soenen neffens har de Waadeilannen finansjele stipe krije moatte om de rotsoai op it strân op te romjen.

In reportaazje oer har leafde foar it Waad, har likens oer hoe't we mei de ierde omgean en har striid: "Ik probeer te doen wat ik kan en nodig anderen ook uit om dat te doen en zo ontstaat er een web van mensen dat steeds groter wordt en er steeds meer gebeurd.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)