Hulshoff: "It moat kolkje yn it stadion"

"It moat snein kolkje yn it stadion." Dat sei Cambuur-trainer Sipke Hulshoff freed nei de training. De trainer hopet op "in hekseketel", mei it publyk as 12e man. Cambuur spilet snein de twadde wedstriid tsjin MVV Maastricht. De wedstriid yn Maastricht einige tongersdei yn 1-1. Hoewol't Cambuur net syn bêste wedstriid fan it seizoen spile, wurdt dit resultaat posityf besjoen.
Cambuur sil neffens Hulshoff snein fol op de oanfal spylje, hoewol't de Ljouwerters oan in 0-0 lykspul genôch hawwe om de finale te berikken. De folsleine seleksje is fit. Sneon traint Cambuur noch besletten, wêrnei't de basisopstelling makke wurde kin.