St. Juste is fraachteken by SC Hearrenfean

19 maaie 2017 - 14:23

It meispyljen fan Jeremiah St. Juste yn de wedstriid fan sneon tsjin FC Utrecht is noch ûnwis. Trainer Jurgen Streppel tinkt dat de kâns fyftich prosint is. St. Juste hat it skouder út de kom hân. As St. Juste net spilet, wurdt er nei alle gedachten ferfongen troch Kik Pierie.

Streppel achtet de kâns dat se de folgjende ronde helje noch altyd oanwêzich. "Vooral als je kijkt naar de eerste twintig minuten in de tweede helft. Toen waren we beter. Afjagen en met vertrouwen spelen, dan komen we ver."

Mei hokker systeem Hearrenfean spylje sil, is noch net wis. Tsjin Utrecht spilen se 5-3-2. "Maar we kunnen ook 3-4-3 spelen met een ruit op het middenveld of zoals altijd 4-3-3."

SC Hearrenfean spilet sneon om 18.30 oere út by FC Utrecht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)